15 en 4 jier foar moard Harns

De rjochtbank hat selstraffen fan fyftjin en fjouwer jier oplein foar de moard op Jacob Vellinga fan Harns. Hy waard ferline jier pinkstermoandei sa bot mishannele dat er ferstoar. De dieders wiene syn húsgenoaten. De straf fan fyftjin jier en tbs foar de 37-jierrige haadfertochte is heger as de eask. It Iepenbier Ministearje hie tsien jier en tbs easke. Tsjin de 52-jierrige frou wie tolve jier sel easke, mar de rjochtbank sjocht har allinnich as belutsene en net as dieder. Dêrom krijt sy fjouwer jier sel.
De rjochter fûn boppedat dat beide fertochten totaal gjin moreel besef hiene. Sa hawwe se gjin ambulânse belle wylst Vellinga yn earste ynstânsje noch yn libben wie nei de mishanneling.