Bagger foar strânljippen

28 mrt 2014 - 14:12

Bagger út de haven fan Harns wurdt mooglik brûkt om de kwelders by Swarte Haan grutter te meitsjen. Soks is benammen goed foar de strânljip, sa stiet yn in rapport dat freed útkaam is. Strânljippen ha ferlet fan in plak dêr't sy by heech wetter sitte kinne. Op it stuit binne der te min fan dy plakken yn it westlik Waad en dat probleem wurdt oplost mei gruttere kwelders by Swarte Haan en De Westhoek. De plannen moatte noch fierder útwurke wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)