Fytster ferwûne nei oanriding

© Robertjan Boonstra
Op it fytspaad op de Scharren by Skarsterbrêge is tiisdeitemiddei in fytster fan 68 jier troch in oanriding mei in persoane-auto ferwûne rekke oan holle en pols. De bestjoerder ried fan de dyk in oprit op en seach de fytster oer de holle.
It slachtoffer foel op 'e dyk en is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean.