Kobus Algra ferstoarn

28 mrt 2014 - 12:56
  • Kobus Algra fan de Wiko's

De frontman fan it bekende orkest De Wiko's, Kobus Algra, is freedtemoarn ferstoarn. Algra hat krapoan 45 jier lieding jûn oan it orkest. De Wiko's wiene yn de jierren '70 en '80 sels lanlik bekend. 'Hoantsje op de toer', 'Haadstel oan de muorre' en fansels 'It Bûthúsbankje' binne ferskes dy't noch altyd in protte draaid wurde. It Bûthúsbankje stie ferline jier op nûmer ien yn de Fryske Top 100.

Op 20 oktober 2013 naam Kobus Algra as artyst al ôfskie fan syn publyk, mei in útferkocht konsert. Kobus Algra is 66 jier wurden.

Fanwege it ferstjerren fan Kobus Algra werhellet Omrop Fryslân freedtejûn om 20.30 en 22.30 oere in eigen dokumintêre oer fjirtich jier Wiko's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)