Kramer brekt mei Kemkers

Sven Kramer brekt mei syn trainer Gerard Kemkers. Dat makke de reedrider fan 'e middei op in parsekonferinsje bekend. Kemkers en Kramer hawwe yn totaal 9 jier gearwurke. It duo hat tegearre grutte suksessen belibbe. Sa wûn Kramer ûnder lieding fan Kemkers meardere kearen goud op de Olympyske Spelen. Dochs hat de profesjonele relaasje tusken de twa ek de nedige spanning hân. Benammen nei de foute wiksel by de 10 kilometer op de Olympyske Spelen yn Vancouver. Kramer hat op dit stuit noch gjin nije coach. Hy is ek noch op syk nei in sponsor.
Sven Kramer jout oan dat er him graach op oare ôfstannen spesjaliseare wol. Hy doelt dan benammen op de 1500 meter en de 5 kilometer.