Oanhâlding foar mishanneling

Geweld © Omrop Fryslân
Fiif minsken binne freedtemoarn oppakt foar mishanneling en berôving yn Drachten. Twa manlju en in frou út Drachten waarden op de Noordkade slein. Ek waard in ketting stellen. Ien fan de manlju rekke ferwûne oan de holle. De plysje hat nei in syktocht de auto mei de fiif fertochten op de N31 by Ljouwert oan de kant setten.
De ynsittenden, trije manlju út Ljouwert, in man fan 22 út Den Haach, in frou fan 23 út Bûtenpost, binne oppakt en sitte noch fêst.