Test mei útriden fan dong

Boeren yn de Noardlike Fryske Wâlden kinne dit jier de dong gewoan útride op harren lân yn stee fan de hjoeddeistige praktyk wêrby't de dong ûnder de grûn ynbrocht wurdt. Dêrfoar jout steatssekretaris Sharon Dijksma tastimming.
Dong op 'e greide yn stee fan der yn soe better wêze foar it boaiemlibben en dêrmei ek foar de fûgels dy't dêrfan ite moatte. Om út te sykjen oft dat ek sa is, krije de boeren yn ûnder mear de Noardlike Fryske Wâlden in jier lang de romte de dong út te riden.
De leanbedriuwen reagearje oer it generaal behâldend. Sy hawwe krekt foar tonnen ynvestearje moatten om oan de lanlike easken te foldwaan en hawwe twifels by de negative effekten fan de metoade. In ynjeksjemasjine kostet gemiddeld 300.000 euro.