Sâltloads stiet op ynstoarten

27 mrt 2014 - 22:21

De âlde sâltloads yn de haven fan Laaksum stiet op ynstoarten. As der dit jier neat oan dien wurdt, dan ferdwynt it histoaryske gebou. Dat seit de wurkgroep dy't al acht jier dwaande is mei in mooglike opknapbeurt. It slagget lykwols net om ek de eigener fan de sâltloads mei te krijen yn de plannen en dus bart der neat. De sâltloads is boud yn de jierren 20 en waard oant de jierren 70 ûnder oare brûkt foar it rikjen en sâltsjen fan fisk. Op it stuit wurdt de loads noch brûkt as oplsach troch de iennige fisker dy't Laaksum as thúshaven hat.

It gebou wurdt lykwols al jierren net mear ûnderhâlden en troch de hurde wyn troch de jierren hinne binne de muorren fersake en is in part fan it dak fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)