Sirene hearre fia smartphone

27 mrt 2014 - 20:11
  • De sirene is no ek op de autoradio te hearren

Der wurdt freed in nij systeem presintearre, dat it mooglik makket dat de sirenes fia de smartphone te hearren binne. De ambulânsetsjinsten fan Fryslân en Drinte binne de earsten dy't gebrûk meitsje sille fan it nije systeem. No binne de sirenes al fia de autoradio te hearren, as men de regionale stjoerder derfoar hat.

Mei it nije systeem wurde automobilisten no ek fia de mobile telefoan warskôge dat der in ambulânse oankomt en kinne se op tiid romte meitsje. Ek oare regio's hawwe belangstelling foar it nije alarmearringssysteem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)