Graafmasine botst op fytser
In 74-jierrige frou út de gemeente De Fryske Marren is tongersdei swier ferwûne rekke by in ûngelok op de Wilhelminastrjitte yn Balk. It slachtoffer siet op de fyts en waard fan achteren oanriden troch in kraanwein. De bestjoerder wie in man (45) út de gemeente Súdwest-Fryslân. De frou is yn soarchlike tastân nei it sikehûs ta brocht.