Mei 130 km lâns Boalsert

27 mrt 2014 - 17:16

De maksimumsnelheid op de A7 by Boalsert bliuwt 130. Dat hat de rjochtbank besletten. Sûnt 1 septimber 2012 jildt op in soad sneldiken in snelheid fan 130 kilometer de oere. De gemeente Súdwest-Fryslân hie beswier oantekene, omdat sy fine dat dat skealik is foar de ferkearsfeiligens op dat stik sneldyk.

De rjochtbank fynt dat de minister foldwaande oannimlik makke hat dat de ferkearsfeilichheid net yn gefaar komt. Boppedat soarget de maksimumsnelheid fan 130 neffens de rjochtbank ek net foar in oerskriding fan de lûdsnoarmen.

Trefwurden: 
Boalsert maksimumsnelheid 130
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)