'Streek troch plannen Dekker'

27 mrt 2014 - 16:07
  • Steatssiktaris Sander Dekker
  • Heerma wol harksittings hâlde oer de takomst fan de publike omrop

Yn de Twadde Keamer moatte harksittings hâlden wurde oer de takomst fan de publike omrop. Dêr moatte ek de regionale media oan it wurd komme. Dat seit Pieter Heerma fan it CDA. Hy fynt dat de Twadde Keamer de plannen fan steatssiktaris Sander Dekker fan mediasaken net ôfwachtsje moat. Dy krige tongersdei it advys fan de Ried foar Kultuer.

Dêr stiet ûnder oare yn dat de regionale omroppen as Omrop Fryslân selsstannich bliuwe moatte en net ûnder lieding stean moatte fan de NPO yn Hilversum. Keamerlid Pieter Heerma fynt it in goed advys.

Steatssiktaris Sander Dekker wol noch net op it advys regearje. Hy komt pas oer in pear moanne mei in stânpunt. De beide regearingspartijen PvdA en VVD wolle oant dy tiid ek net reagearje. SP-wurdfierder Jasper van Dijk stipet it plan fan it CDA om harksittingen te hâlden foar de omroppen en regionale media. Hy is ek bliid dat de Ried foar Kultuer fynt dat der sterke regionale omroppen bliuwe moatte. De SP is wol benaud foar oare advizen fan de Ried fan Kultuer. Van Dijk fynt dat de publike omroppen te bot útklaaid wurde, bygelyks omdat der minder dien wurde mei oan sport en amusemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)