Blog: Jacob van der Meulen lit Jan Posthuma famyljewerf sjen

Jacob van der Meulen út Snits hat dizze wike âld-follyballer Jan Posthuma in rûnlieding jûn op de famyljewerf. Jacob docht dit jier mei oan de Special Olympics as siler. Hy is mei it silen grutbrocht. As lyts jonkje gong er alle wykeinen te silen mei heit en mem en syn trije broers. Al sân generaasjes lang hat de famylje in jachtwerf. Twa broers fan Jacob binne de hjoeddeiske eigeners.
Der ûntfong Jacob van der Meulen syn coach Jan Posthuma. Jan Posthuma sil him de kommende moannen ynsette foar de Special Olympics en foar Jacob yn it bysûnder. ''We sille sjen wat foar moais we regelje kinne foar Jacob. Ik kin sels ek wol sile, mar ik tink net dat ik Jacob noch wat leare kin. Mar ik kin him wol helpe mei de tariedings foar in wichtige wedstriid."