Botsing ferkearsplein Ljouwert

14 feb 2012 - 21:31

By in oanriding op it Ljouwerter Drachtsterplein binne tiisdeitejûn twa minsken ferwûne rekke. Op it ferkearsplein kamen de beide auto's fan de bestjoerders yn botsing. Ien fan beide kaam beknipe te sitten yn it wrak en moast troch de brânwacht derút helle wurde. Ferkear yn de omjouwing fan it plein hie in soad hinder fan it ûngelok. Op it ferkearsplein is de lêste dagen ek in soad ferkearshinder as gefolch fan de wurksumheden om de Drachtsterbrêge te ferfangen troch in akwadukt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)