Ljouwert: wol jild yn Haadstêd

Kulturele Haadstêd 2018 © Kulturele Haadstêd
De gemeente Ljouwert sil mooglik dochs 'eigen' jild ynvestearje yn de kandidaatstelling fan de stêd as Kulturele Haadstêd 2018. De gemeente stiet der finansjeel relatyf goed foar. Troch alle besunigings hopet Ljouwert yn 2015 6,7 miljoen euro struktureel jild oer te hâlden. Troch mei subsydzjes te skowen, komt der ek ekstra jild frij út it strategysk ynvestearings- en ûntwikkelingsfûns. Dy 5 oant 7 miljoen euro kin brûkt wurde foar de wetterkampus, de Fryske Universiteit, de iishal yn Ljouwert, mar dus ek foar de Kulturele Haadstêd.
Dat is belangryk, omdat provinsjale steaten ek allinne mei jild oer de brêge komme wol as Ljouwert dat ek docht.