Soad Fryske diken net feilich

Twa-tredde fan de provinsjale diken yn Fryslân is net feilich. Se krije fan de ANWB ien of twa stjerren. It bûn hat alle provinsjale diken ûndersocht en yn kaart brocht. Neffens Ferry Smith fan de ANWB kin mei de oanlis fan 22 kilometer ynhelstroken, bermferhurding en fangrails de diken al folle feiliger makke wurde.
As je 90 miljoen euro ekstra ynvestearje yn de kommende 20 jier, binne alle diken op 3-stjerre nivo. Dat skeelt al gau tûzenen ferwûnen en tsientallen ferkearsdeaden. Deputearre Poepjes fan ferkear is skrokken fan it rapport.
Sy seit dat de kommende jierren in soad jild stutsen wurdt yn de ferbettering fan provinsjale diken. It ûndersyk fan de ANWB lit sjen dat de provinsje net stil sitten bliuwe moat, as it giet om it ferbetterjen fan de ferkearsfeiligens, sa seit de deputearre.