Grammy mei Frysk rantsje

It album The Mosaic Project dêr't de Fryske saksofoniste Tineke Postma oan meiwurke hat, is ûnderskieden mei in Grammy. Postma is ien fan de 21 ynternasjonale artysten dy't meispilet op it album fan Terri Lyne Garrington. Sy spile ek mei op trije cd's dy't Postma makke. The Mosaic Project waard ûnderskieden as bêste songen jazzalbum.
Postma komt fan It Hearrenfean, mar wennet al lang bûten Fryslân.