Leger wol Fryske rekruten

27 mrt 2014 - 11:14

Definsje set alles op alles om mear jongerein oan it wurk te krijen by it leger. It ministearje hat hjirfoar tongersdei in konvenant ûndertekene mei it UWV, ambassadeur jeugdwurkleazens Mirjam Sterk en de gemeente Ljouwert om wurkleaze jongeren oan in baan te helpen.

Definsje hat alle jierren 4.000 rekruten nedich. En dy binne dreech te finen. Foar Ljouwert is it in moaie kâns om in part fan de skoalferlitters en jonge wurkleazen oan wurk te helpen, seit wethâlder Harry van der Molen.

Ambassadeur Jeugdwurkleazens MIrjam Sterk joech de earste oanset foar dit konvenant.

Trefwurden: 
definsje konvenant leger UWV
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)