Slûs Starum nije wike iepen

27 mrt 2014 - 10:57

It farferkear kin fan 1 april ôf wer gebrûk meitsje fan de Johan Frisoslûs yn Starum. De bou fan de twadde slûs is dan klear, wêrtroch't de stremming opheft wurde kin. Om der wis fan te wêzen dat de slûzen goed wurkje, sil oannimmer Ballast Nedam yn april noch wol in tal testen útfiere.

Op 8 maaie wurdt de fernijde slûs offisjeel iepene. De besteande slûs sil yn de tuskentiid gewoan iepen wêze foar farferkear.

Trefwurden: 
Starum slûs farferkear
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)