Advys: Omrop net ûnder NPO

De Fryske radio en televyzje moatte net bestjoerd wurde út Hilversum, mar in eigen bestjoer hâlde. Wol kin op it mêd fan bygelyks technyk of kennis gearwurke wurde mei de omroppen yn Hilversum. Dat stiet yn it advys fan de Ried foar Kultuer oan steatssiktaris Sander Dekker. Tongersdei is dat advys presintearre.
Dekker sei twa wiken lyn dat hy fynt dat de regionale radio en televyzje wol troch de NPO yn Hilversum bestjoerd wurde kin. Hy fielt in soad foar in organisaasje lykas by de BBC, mar de Ried foar Kultuer giet dêr dus net yn mei.
Yn it Feriene Keninkryk hawwe de regio's eigen nijsútstjoerings yn in saneamd finster op it nasjonale kanaal fan de BBC. Dekker fynt dat model ek hiel geskikt foar Nederlân. Oft soks goedkeaper is, is mar de fraach, want Ingelân jout folle mear jild út oan de publike omroppen as Nederlân.
De Ried foar Kultuer sjocht mear yn gearwurking tusken regionale en lokale omroppen mei bygelyks kranten. De mediawet soe sa oanpast wurde moatte dat soks tastien wurdt. Ek folget de Ried foar Kultuer it idee fan de 13 regionale omroppen foar fiif regionale klusters.
Direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân is posityf oer it advys fan de Ried fan Kultuer.