Ungelok:mem en dochter ferwûne

Helpferlieners op it plak fan it ûngelok by Aldehaske © Jaring Rispens
In frou fan Vegelingsoord (39) en har dochter (12) binne woansdeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok op De Dolten yn Aldehaske. Beide slachtoffers kamen yn botsing mei in man (25) fan Sint Nyk. De frou rekke swier ferwûne en krige earste help fan buertbewenners dy't nei de klap nei bûten kamen. Se is mei de traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht.
De dochter is mei de ambulânse nei sikehûs de Tsjongerskâns brocht. De Sint Nykster is meinaam nei it buro foar ferhoar. De plysje docht noch ûndersyk nei de krekte tadracht.