Alde Feanen op 'e skeppe

26 mrt 2014 - 22:27

De grutte opknapbeurt foar it boezemgebiet fan de Alde Feanen moat it natoergebiet yn de takomst better befarber meitsje. Dêrfoar sille grutte parten fan it natoergebiet útdjippe wurde. Uteinlik is dat ek better foar de natoer yn de Alde Feanen om't it wetter der minder troebel fan wurdt.

Dêrtroch krije de seldsume wetterplanten mear ljocht en kinne se better groeie. Mei-inoar wurdt der seis miljoen euro ynvestearre om de natoer yn it gebiet te fersterkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)