Lintsjes foar soad riedsleden

Lintsje © ANP
Rûnom yn de provinsje binne woansdeitejûn Keninklike lintsjes útdield oan ferskate riedsleden dy't nei de ferkiezings net werom komme. Yn Littenseradiel krigen Ulbe Bakker, Pyt de Boer en Teunis Kalverboer in lintsje om't se 12 jier yn de ried sitten hawwe.
Yn Harns krige Trees Fijnvandraat-Moorman ûnderskieding foar trije terminen yn de ried. Kollega Meindert Lodewijks kriget it lintsje letter. Yn Frjentsjerteradiel waard Kor Stelma lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Op it Amelân krige Jan Verbiest in lintsje foar 24 jier riedslidmaatskap.