Maklike winst follybal Snits

26 mrt 2014 - 21:14

De follybalfroulju fan Snits ha de foarlêste wedstriid yn de play-offs mei 3-0 wûn fan Weert. De setstannen wiene 25-18, 25-16 en 25-20. Krapoan fjirtjin dagen lyn ferlearen de froulju fan coach Petra Groenland de útwedstriid noch mei 3-2. In plak by de earste twa yn de play-offs is al lang net mear helber. It liket derop dat Sliedrecht Sport en Alterno om it kampioenskip fan Nederlân spylje sille. Snits slút kommende sneon it seizoen ôf mei de thúswedstriid tsjin Eurosped.

Trefwurden: 
Snits follybal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)