Alliander mei net nei Dútslân

Netbehearder Alliander mei fan in mearderheid yn Provinsjale Steaten net útwreidzje nei Dútslân. It enerzjybedriuw wol dit graach, om sa de kosten foar de konsumint leech te hâlden. De Steaten sjogge hjir lykwols net folle yn. Om't it bedriuw mooglik minder jild en omtinken hat foar de Nederlânske merk as se ek yn Dútslân wurkje.
De provinsje Fryslân is mei 12% ien fan de gruttere oandielhâlders fan Alliander. De provinsje Gelderlân is de oare grutoandielhâlder. Ek dêr is in mearderheid fan de steaten tsjin in útwreiding nei Dútslân.