Kar foar Fryske oannimmers

Spannende wiken foar Fryske bedriuwen dy't in protte wurk hawwe yn de bousektor. Ballast Nedam is no drok dwaande mei it selektearjen fan oannimmers om mei te wurkjen oan de fernij-bou fan iisstadion Thialf. De folsleine klus smyt de kommende twa jier wurk op foar hûnderten Friezen.
Ien fan 'e bedriuwen dy't frege is troch Ballast Nedam, is arsjitekteburo Inbo fan It Hearrenfean. De kommende tiid sil Ballast Nedam sjen nei de ferskate offertes. Inbo hopet oer in pear wike útslútsel te krijen oer oft se meibouwe meie.