RK tsjerke te keap op Funda

26 mrt 2014 - 18:39

Yn it doarp Easterwierrum stiet de Roomsk Katolike Sint Wirotsjerke te keap. De tsjerke stiet sels op Funda. Mei de pastory der by moat de tsjerke 470.000 euro opbringe, mar de tsjerke is ek los te keap foar in lytse 2 ton. Omdat it om in relatyf jonge tsjerke giet fan 1925 hie de Stichting Alde Fryske Tsjerken gjin belangstelling.

De tsjerke stiet te keap, omdat de tsjinsten te min minsken lutsen. De katoliken fan Easterwierrum en omkriten tsjerkje no yn Wytgaard of Snits.

De tún fan de tsjerke is de kommende simmer yn gebrûk by it berne-iepenloftspul fan Easterwierrum. De tsjerke hat pleatslik belang tasein dat dy aktiviteit dit jier yn alle gefallen trochgean kin. It berne-iepenloftspul is al begûn mei it opbouwen fan it iepenloftteater foar de kommende simmer.

Easterwierrum hat no gjin tsjerkegebou mear dat as tsjerke yn gebrûk is. De eardere herfoarme tsjerke waard in pear jier lyn ferboud ta fakânsjewente foar minsken mei in beheining. Undernimmer Paul de Cock krige ek de katolike tsjerke oanbean, mar hy sjocht foarearst gjin mooglikheden om op 'e nij in tsjerke te ferbouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)