Snitser bern dichtsje yn revu

26 mrt 2014 - 17:29

Sa'n 50 skoalbern fan it Magister Alvinus en it Bogerman yn Snits mochten woansdeitemiddei har gedichten foarlêze yn it teater yn har stêd. Dêr wie in literêre teatershow, de VERS PoëzieRevue. Foarôfgeand hiene de learlingen les hân oer hoe't se dichtsje kinne. De sjuery hat fjouwer dichters keazen dy't yn maaie har gedicht foardrage mei op de VERSfinale yn Amsterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)