Nierdonor frege yn tsjerkeblêd

26 mrt 2014 - 17:24
  • Nierpasjint Henk Nieuwenhuis hat gau in nije nier nedich

Yn it Snitser tsjerkeblêd stiet in opmerklike oprop. Henk Nieuwenhuis út Snits freget er dêryn om in nije nier. Syn eigen nieren funksjonearje noch mar foar 13 prosint. Dat betsjut dat er binnen in jier in donor fine moat om in sa grut mooglike kâns te hawwen op in suksesfolle operaasje. De soan fan Nieuwenhuis kin gjin donor wurde want hy hat deselde niersykte. Syn dochter soe it wol wolle, mar kin noch bern krije. It doktersadvys is om dan gjin donor te wurden. It komt hieltyd faker foar dat minsken ûnbekenden freegje om in nier te donearjen.

De nierstichting wol graach in online platfoarm. Sa moat it makliker wurde om nierpasjinten en donoaren mei elkoar yn kontakt te bringen. No is de wachtlist noch 4 jier. Nieuwenhuis mei noch net op dizze wachtlist, want syn nier funksjonearret noch op in te heech nivo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)