'Opstappers moatte sit opjaan'

26 mrt 2014 - 17:06

Otto van der Galiën en Pieter Buisman moatte har sit as steatelid opjaan no't se út de PVV stapt binne. Dat seit Max Aardema fan Drachten. Aardema is as iennichst steatelid fan de PVV oerbleaun, neidat Van der Galiën en Buisman ferline wike út de partij stapten nei de útlittings fan partijlieder Geert Wilders oer Marokkanen. Earder stapte ek al Jelle Hiemstra út de partij, sadat fan de oarspronklik fjouwer PVV-steateleden no noch mar ien oer is. Aardema is fan plan it lêste jier fan dizze steateperioade fol troch te gean as PVV-steatelid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)