Man pakt nei ûnseedlik gedrach

26 mrt 2014 - 16:10

De plysje hat yn Harns in 64-jierrige man oanhâlden om't er seksuele hannelingen yn it iepenbier die. Al langere tiid krige de plysje meldings dat yn de omkriten fan de Achlumerdyk ien dwaande wie mei sokke saken. Dit wie foar de plysje reden genôch om yn de buert fan de strjitte te posten. Al gau waard de 64-jierrige man betrape. Hy die ûnseedlike dingen doe't in fytster foarbyriden kaam. De man is dêrop meinaam nei it buro. Hjir ferklearre de man dat er dit al fiif jier die. Tsjin de man is proses ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Harns plysje ûnseedlik
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)