Klasgenoaten bedriigje famke

26 mrt 2014 - 15:57

De âlden fan in famke fan 12 jier út Ljouwert binne teloarsteld yn de lieding fan de Dr. Algraskoalle yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren. Har dochter waard moandei nei skoaltiid mei in bûsmes bedrige troch twa klasgenoatsjes út groep acht. Neffens de skoalle binne de jonges in grins oergien en binne se dêrom trije dagen skorst.

De direksje hat âlden fuort op 'e hichte brocht fan it neffens har ferfelende en yngripende ynsidint. Oanjefte dwaan hat gjin doel om't beide jonges minderjierrich binne. Tongersdei is wer oerlis mei de direksje.

De lieding fan de Dr. Algraskoalle seit bot skrokken te wêzen fan it foarfal. Foar it earst yn de skiednis moast de direksje dêrom nei it foar har swiere middel fan skorsing gripe. Se fine it ûnakseptabel dat ien fan groep acht mei in bûsmes op skoalle omrint. Tagelyk is it team drok dwaande mei hoe't it no fierder moat. Want de skoalle wol beide jonges noch in kâns jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)