Brân Vlierijck net oanstutsen

Vlierijck © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De brân yn hotel Vlierijck op Flylân is net oanstutsen. Dat meldt de plysje. Der is spoare-ûndersyk dien en der is praat mei tsjûgen en belutsenen. Al rillegau waard op it eilân sein dat de brân oanstutsen wêze soe, mar dêr hat de plysje gjin bewiis foar fine kinnen. De brân yn it hotel op Flylân wie op 11 maart. De brânwacht hie oeren wurk om it fjoer út te krijen.