Gjin berik om Ychten hinne

Der binne grutte problemen mei de telefoanyske berikberens yn Ychten, Ychtenbrêge en Dolsterhuzen. Sûnt KPN de telefoanmêst fan de skoarstien yn Eastersee helle hat, ha de doarpen gjin goede mobile ferbining mear. Telefoanpetearen wurde geregeld healweis ôfbrutsen en dat jout in gefoel fan ûnfeiligens. Ek húsdokter Joost Bronswijk fan de praktyk yn Ychtenbrêge hat geregeld problemen mei de ferbining. Dat hat oant no ta noch gjin gefaarlike sitewaasjes oplevere, mar dat kin wol barre. Hy betinkt yn it foar wêr't er fia in fêste line belje kin.
De gemeente De Fryske Marren is yntusken yn oerlis mei KPN oer in ferbettering.