Friezen yn einronde konkoers

Fleugel © ANP
De 13-jierrige Welmoed Poelstra fan Hallum en Florianne Remme fan 13 út Ljouwert dogge 5 april mei oan de nasjonale einronde fan it Prinses Christina Concours. Op de Dag van de Genomineerden stride 28 jonge muzyktalinten út it hiele lân om in plakje yn de finale fan dit konkoers. Welmoed Poelstra spilet piano, Florianne Remme sello. Se moatte dy dei yn 10 minuten hearre litte wat se kinne. De útslach wurdt oan 'e ein fan de jûn bekend.