'Leare fan top yn Den Haach'

26 mrt 2014 - 11:02
  • Plysje by NSS-top

De plysje Noard-Nederlân wol ûnderfinings dy't de hûnderten plysjes út Fryslân, Grinslân en Drinte opdien hawwe op de nukleêre top yn Den Haach sammelje en brûke by grutte eveminten yn it Noarden. Oer it generaal is de plysjelieding tefreden oer it ferrin fan de grutste plysje-operaasje dy't ea yn Nederlân. Al mei al binne 13.000 plysjes ynset. Op logistyk mêd kinne saken better. Sa wiene yn de regio Den Haach te min hotelkeamers foar plysjepersoniel beskikber.

De nukleêre top soarge ek foar wurk op de fleanbasis Ljouwert. Mei F16's waard it Nederlânske loftrom bewaakt op yndringers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)