Barman hâldt dief oan

26 mrt 2014 - 09:56

In barman fan in kafee yn de Ljouwerter Oude Doelesteeg hat tiisdeitenacht in 21-jierrige Ljouwerter oanhâlden en oerdroegen oan de plysje. De Ljouwerter waard betrape doe't er in flesse drank stelle woe. De barman koe de man mei de noadige muoite oanhâlde. Undertusken waard de plysje warskôge en koe de fertochte oerdroegen wurde. De man is meinommen nei it plysjeburo dêr't er foar neier ûndersyk ynsletten is.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)