Auto troch glêdens fan dyk
Op de A7 by Tsjalbert rekke woansdeitemoarn in auto fan de dyk troch glêdens. De dyk wie nei alle gedachten glêd wurden troch in hagelbui. De twa ynsittenden, in 53-jierrige ynwenner fan Drachten en in 67-jierrige ynwenner fan Nij Beets, rekken ferwûne en binne mei de ambulânse nei it sikehûs oerbrocht.