FE-Telecom Stiens op NSS-top

It Stienzer bedriuw FE Telecom hat de ôfrûne dagen drok oan it wurk west by de nukleêre top NSS. It bedriuw wie ynskeakele om ferfierder Connexxion te helpen. Dy moast alle dagen 8000 oant 9000 befeiligers, plysjeminsken en meiwurkers fan definsje te plak bringe. Om dat goed ferrinne te litten, hat FE Telecom in spesjale mobile meldkeamer opsetten by it stadion fan ADO Den Haach.
Direkteur Johan de Haan fan FE Telecom is tefreden mei hoe't de operaasje ferrûn is.