Knegt shorttracker fan it jier

Untlading by Sjinkie Knegt nei de finish © ANP
Sjinkie Knegt is tiisdei troch de KNSB útroppen ta shorttracker fan it jier. De prestaasjes op de Olympyske Spelen en de wrâldkampioenskippen hawwe der foar soarge dat Knegt mei de Peter van der Velde Bokaal nei hûs ta gong. By de froulju krige Jorien ter Mors dizze priis. Ireen Wüst en Michel Mulder krigen de Ard Schenk Award foar de bêsten by it langebaan reedriden.
Ek de maratonprizen waarden útrikt. By de froulju waard Mariska Huisman de winner, by de manlju Jouke Hoogeveen.
Bêste maratonploegen waarden BAM (manlju) en MK Basics (froulju). Op it mêd fan inline-skaten krigen Manon Kamminga en Crispijn Ariëns de jierprizen.