Aris krekt ûnderút yn Grins

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris slaggen der krekt net yn om koprinner GasTerra Flames yn MartiniPlaza fan Grins te ferslaan. Healwei hie Aris in foarsprong fan twa punten: 43-41. Yn it tredde kwart waard de marzje njoggen punten yn it foardiel fan de Ljouwerters, mar doe krige de thúsploech de guit. It lêste kwart gong yn mei in 65-60 Grinzer foarsprong. De einstân waard 81-75 foar Grins. Aris bliuwt sânde, Grins koprinner.