Sintrum Burgum op 'e skeppe

25 mrt 2014 - 17:20
  • Tongersdei set de nijbou fan it sintrum yn Burgum útein

Boubedriuw Van Wijnen fan De Gordyk set tongersdei útein mei de bou fan it nije sintrum yn Burgum. Oan de Markt, yn it hert fan it doarp, komme in Jumbo supermerk en in Action.

Dêrboppe wurde 24 apparteminten fan Talant boud en fiif apparteminten foar de frije ferkeap. De beide winkels moatte yn novimber klear wêze. De iepening fan it hiele kompleks stiet foar takom jier febrewaris pland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)