Blog: Lutz Jacobi weaget skot

25 mrt 2014 - 17:12
  • Lutz Jacobi

Twadde Keamerlid Lutz Jacobi hat ferline wike werris besocht de bal yn 'e koer te krijen. Lutz sil har de kommende moannen ekstra ynsette foar de dielnimmers oan de Special Olympics en wie derom te sjen by it kuorbalteam fan Alyce Norbruis yn Oerterp.

It team fan Alyce hat in pear jier ferlyn de gouden medalje helle by de Special Olympics. Ek dit jier wolle se boppe-oan einigje. ,,It is al lang lyn dat ik kuorballe, dat it wol net fuortendaliks", sa seit Lutz Jacobi. Foar Alyce en har teamleden is it fansels gjin probleem om de bal yn de koer te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)