Omrop lêst fan boktuorren

25 mrt 2014 - 14:32

Yn de studio fan Omrop Fryslân fleane boktuorren om. Se sitte yn it dekor fan it skoaltillevyzjeprogramma Kening Hert en Harry Hazze dat ûnder oaren út beamstammen bestiet. Tidens de opnamen fan it programma hie de opnameploech bot lêst fan de bistjes, dy't troch de waarme lampen út it hout wei krûpten en troch de hiele studio fleagen.

Ek de opnamen fan it wyklikse Tsjek waarden in pear kear stillein troch de boktuorren. It dekôr is yntusken ynspuite mei in bestridingsmiddel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)