Buffer troch besunigings

Stedhûs oan it Hofplein yn Ljouwert
De gemeente Ljouwert stiet der op it stuit finansjeel goed foar. Dat konkludearret it kolleezje fan b. en w. op de helte fan harren regearperioade. Troch konsekwinte besunigings is de ferwachting dat de gemeente 6,7 miljoen euro struktureel yn de plus stiet yn 2015. Dêrmei hat Ljouwert in buffer opboud foar mooglike ekstra besunigings fan it Ryk.
De ferwachting is wol dat mear amtners harren baan kwyt reitsje sille. It sil nei alle gedachten om sa'n 140/150 fte's gean. De minsken wurde yn earste ynstânsje werpleatst.