Net mear firusgefallen skiep

© Omrop Fryslân
It Schmallenbergfirus by skiep liket oer syn hichtepunt hinne. It firus feroarsaket deade en misfoarme lamkes.
It oantal fertochte skiep is dizze moanne net fierder tanaam, wylst der yn febrewaris fjouwer kear safolle skiep lamje as yn jannewaris. Yntusken liket it firus him wol út te wreidzjen by kij. Dat komt omdat de draachtiid by kij langer is as by skiep.
Yn Fryslân binne oant no ta 50 meldings dien fan mooglike besmettings. Op fjouwer bedriuwen waard it Schmallenbergfirus yndie oantroffen. De finansjele skea foar bedriuwen rint yn de hûnderten oant tûzenen euro's.