Reizgers tefreden oer Arriva

25 mrt 2014 - 12:52

Reizgers beoardiele it busferfier op de eilannen lykas ferline jier mei poerbêste sifers. Dat makke Arriva tiisdei bekend. Reizgers joegen it ferfier op Flylân, Skylge en It Amelân in 8,3. It busferfier op Skiermûntseach krige in 8,2.

Ek de treinferbinings yn Fryslân mochten rekkenje op in knap rapportsifer fan in 7,4. Anne Hettinga, foarsitter fan de ried fan bestjoer fan Arriva, is wiis mei de resultaten. It is in grut komplimint oan alle meiwurkers, dy't dei yn dei út foar de reizgers klear stean, sa liet er witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)