Van Basten wolkom by training

Marco van Basten
Trainer Marco van Basten is wolkom om ris by in training fan Sportklup Hearrenfean te wêzen. Dat seit de hjoeddeiske trainer fan Hearrenfean Ron Jans.
Neffens Jans is Van Basten in sympatike man, hy fynt him nijsgjirrich as trainer en as minsk. Lyk as eltsenien wie Jans moandei wol ferrast oer de komst fan Van Basten.
Neffens Jans is it goed dat der no dúdlikheid is oer de nije trainer. Sels hat Jans noch gjin kontakt hân mei nije klups.