Soargen wetterpeil Alde Feanen

25 mrt 2014 - 12:20

Boeren om Nasjonaal Park de Alde Feanen hinne, ha soargen oer plannen om it wetterpeil simmerdeis te ferheegjen. Dat blykt út de reaksjes op it saneamde wettergebietsplan foar dizze streek fan Wetterskip Fryslân.

Troch in heger wetterpeil kinne boeren minder maklik mei swier ark de greide yn. Boppedat hat it ynfloed op hoefolle gers der fan it lân komt.

Foardiel fan in heger wetterpeil is dat it op de lange termyn helpt tsjin it ynklinken fan de feangrûn. Boppedat foarkomt it droechte as der simmerdeis net in soad rein falt.

It wetterskip sjocht dy foardielen ek en seit maatwurk ta as it giet om it ynfieren fan de hegere peilen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)