Groei molkproduksje by kij

25 mrt 2014 - 12:12
  • Melke

Kij sille oer tsien jier folle mear molke yn harren libben jaan as dat no it gefal is. Dat seit Gerben de Jong fan de Coöperatie Rundvee Verbetering, it CRV.

De gemiddelde produksje komt oer tsien jier út op in lytse 50.000 liter tinkt hy. No is dat noch mar goed 30.000. Wichtichste oarsaak fan de groei is dat boeren harren kij langer oanhâlde fanwege de ôfskaffing fan it kwotum yn 2015.

Ek binne de kij tsjintwurdich sterker en wurdt der minder jongfee oanhâlden om de aldere kij te ferfangen.

Troch al dizze faktoaren nimt de gemiddelde produksje oer in hiel libben flink ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)